Briedsoarch

Yn it foarjier fan 2000 binne wij útein setten mei de briedsoarch yn Easterein. De heer Kuipers hat 15 prachtige fûgelhokjes foar ús makke, 2 hokjes binnen ferlotte op de jierfergadering en 13 hokjes binne ferspraad oer Easterein. De hokjes binne makkelijk yn gebrûk en in lust foar it each. Ek de bewenners wiene tige te sprekken oer hun neie ûnderkommen. Alle hokjes wiene yn it earste jier beset.

No in pear jier letter kinne we concludeare dat it in grut succes is, maar it freget de nôdige oandacht. De hokjes binne oan ûnderhald ta, elts jier moatte se skjinmakke wurde, de BFVW opé hichte halde fan de resultaten en boppedat soene we graach in grutter ferskaad oan hokjes hawwe foar oere soorten fûgels.

Boppesteand is oanlieding west om hjir in bestjoersfunctie foar yn it libben te roppen. Klaas Kamstra hawwe wij ree fûn om dizze functie te beklaaien. In gearwurking mei Martin Overal binne hja al drok dwaande mei it skjinmeitsjen, underhalden en it meitsjen fan neie hokjes

Contact

Fûgelwacht Easterein
Wynserdyk 43
8734 GW Easterein
Tel: 0515-331892